Cambuur kin foarsprong tsjin Jong Ajax fêsthâlde: 2-1

SC Cambuur hat nei in spannende slotfaze mei 2-1 wûn fan Jong Ajax. De Ljouwerters stiene mei 2-0 foar (twa kear Justin Mathieu), mar nei in tsjingoal in kertier foar tiid moasten de Ljouwerters noch alles op alles sette om de foarsprong fêst te hâlden. Dat slagge. Beide ploegen beëinigen de wedstriid mei tsien man.
Justin Mathieu
© www.orange-pictures.nl
Justin Mathieu sette Cambuur al nei fiif minuten spyljen op foarsprong. De doelman fan Jong Ajax, Dominik Kotarski, kaam syn goal út en kopte in lange bal fuort. Dy bedarre yn de fuotten fan Mathieu, dy't fan tritich meter ôf mei in boochbal skoarde.
Andrejs Ciganiks krige al gau dêrnei in grutte kâns op de 2-0. Karim Rossi pakte de bal ôf fan Kotarski, mar dêrnei koe Ciganiks net profitearje. Hy skeat heech oer.

Jong Ajax hieltyd sterker

Dêrnei waard Jong Ajax hieltyd sterker. Omar el Baad holp doelman Xavier Mous, troch in kopbal fan Dani de Wit fan de line te heljen. Dêrnei kaam de keeper sels ferskate kearen yn aksje: skotten fan Danilo Pereira, Ryan Gravenberch en âld-Hearrenfeanspiler Dennis Johnsen wiene foar Mous.
Rene Hake
Ek it begjin fan de twadde helte wie foar Jong Ajax, mar Cambuur wreide de foarsprong dochs út. Justin Mathieu koe in hiel ein trochrinne oer de rjochterflank en waard yn it strafskopgebiet dellein troch Sven Botman. De Jong Ajax-ferdigener krige syn twadde giele kaart en Cambuur in strafskop. Mathieu skeat de strafskop efter Kotarski: 2-0.

Tsien tsjin tsien

Mei in marzje fan twa en in man mear op it fjild like de oerwinning binnen foar Cambuur. Der wiene net mear in soad kânsen en Cambuur koe de wedstriid ienfâldich útspylje. Oant de 74e minút. Doe krige doelpuntemakker Mathieu ek syn twadde giele kaart en wie it samar tsien tsjin tsien.

Spanning werom

Jong Ajax rûkte wer bloed en makke de wedstriid al gau wer spannend. Noa Lang krige de bal yn it strafskopgebiet en brocht Ajax werom ta 2-1.
Yn it lêste kertier hie Cambuur it swier, mar nettsjinsteande wat mominten foar it Ljouwerter doel holden de Ljouwerters de foarsprong fêst. It is de earste kompetysje-oerwinning fan Cambuur op Jong Ajax.
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Kor Spinder betocht
Cambuur betocht foar en ûnder de wedstriid Kor Spinder. De supporter ferstoar dizze wike ûnferwachts op 38-jierrige leeftiid.
SC Cambuur - Jong Ajax: 2-1 (1-0) 6. Justin Mathieu 1-0, 53. Justin Mathieu 2-0, 77. Noa Lang 2-1
Opstelling Cambuur: Mous; El Baad, Mbende, Schilder, Van Wermeskerken; Conraad (46/Kallon), Ciganiks (70/Maulun), Schils; Mathieu, Rossi (87/Calor), Van Kippersluis
Reade kaarten: 52. Botman (Jong Ajax, twa kear giel), 74. Mathieu (Cambuur, twa kear giel)
SC Cambuur-Jong Ajax