Hearrenfeanfroulju nei it skoft ûnderút tsjin ADO

02 nov 2018 - 21:39

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freed op eigen fjild ferlern fan ADO Den Haag. Healwei wie it noch 0-0, mar de besikers út Den Haag skoarden direkt nei it skoft twa kear. Letter waard it noch 0-3.

Argyffoto mei Tiny Hoekstra - Foto: www.orange-pictures.nl

De earste helte gie noch aardich gelyk op. Hearrenfean-doelfrou Venema moast in pear kear yn aksje komme, mar de Friezinnen krigen sels ek kânsen. Skotten fan Tiny Hoekstra en Dana Philippo waarden tsjinholden.

Direkt nei it skoft gie it mis. Maartje Looijen skoarde yn koarte tiid twa kear. Tiny Hoekstra wie dêrnei twa kear ticht by de oanslutingstreffer, mar dy foel net. Pia Rijsdijk makke der yn de slotfaze noch 0-3 fan foar ADO.

(advertinsje)