Ard de Graaf oer stadion-konflikt: "Geprobeerd de partijen bij elkaar te brengen"

02 nov 2018 - 21:21

Dat it spannende wiken foar Cambuur wiene, mei dúdlik wêze. Nei in ûnwisse perioade is it nije stadion wer in stap tichterby. Direkteur Ard de Graaf lei freed yn Fryslân Hjoed út hoe dreech it wie. "Want je hebt geen directe invloed. Daarom hebben we ons maximaal ingezet om de partijen dichterbij elkaar te brengen."

In lyts diel fan it bestjoer fan Cambuur wist al foar freed dat de partijen wer mei-inoar praten, mar lang net by elkenien. "Bij de medewerkers was het daarom een grote ontlading", sei De Graaf. "Want dit bepaalt of je wel of geen club hebt, komende jaren. Dit geeft weer perspectief."

It gie freed yn Fryslân Hjoed net allinnich oer it nije stadion, want ek oer de sportive prestaasjes fan de twa Fryske betellefuotbalklups is fan alles te sizzen. Dêrfoar skoden ek sportsjoernalisten Sander de Vries en Gerard Bos oan.

(advertinsje)
(advertinsje)