CDA-lieder Buma fynt Holwert oan See 'moai plan'

02 nov 2018 - 21:01

CDA-partijlieder Sybrand Buma fierde freedtejûn yn Dokkum oardel oere kampanje foar de weryndielingsferkiezings fan Noardeast-Fryslân op 21 novimber. Buma begûn mei in kop snert yn it CDA-kampanjekafee yn de binnenstêd, mar gie oanslutend ek de dyk op om te folderjen en mei potinsjele kiezers te praten.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Sybrand van Haersma Buma

Buma toande bysûndere belangstelling foar it projekt Holwert oan See, dat it doarp Holwert en de Waadsee wer mei-inoar ferbine moat. "In moai plan. Gean dêr fral mei troch", sei er tsjin in delegaasje Holwerters. Dy binne drok oan it lobbyen omdat Holwert hopet om stipe te krijen út de 'regio-enveloppes' mei jild foar regionale ûntwikkeling fan minister Schouten.

60 miljoen euro

"Ik heb de voorstellen voor Noardeast-Fryslân gezien en die zien er goed uit", sei Buma. It is de ferwachting dat minister Carola Schouten noch dit kalinderjier bekendmakket hokker projekten sa'n 'regio-enveloppe' krije. Holwert oan See soe dy stipe goed brûke kinne. De earste faze fan it projekt kostet 60 miljoen euro en dat jild is der noch net.

It CDA hâldt sneon partijkongres yn Grins. Dat kongres stiet yn it teken fan de weryndielingsferkiezings. Dy binne hiel wichtich foar it CDA, want de partij docht it net geweldich yn de lanlike peilingen. Yn Noardeast-Fryslân tidiget Buma op in goeie útslach. "It CDA is hjir noch in echte folkspartij, mei minsken yn alle doarpen. It is mei de polityk krekt sa as mei de Alvestêdetocht; as je Dokkum helle hawwe, dan komt it goed."

Wiis mei it plattelân

Mei de besites oan Fryslân en Grinslân wol it CDA en ûnderstreekje dat de partij wiis is mei it plattelân. "In sommige delen van Nederland is het soms wel erg druk. De rust en ruimte hier is erg waardevol." Buma is ek fan betinken dat Nederlân wat 'goed te meitsjen' hat yn Grinslân en sil him dêr sneon oer útsprekke.

Ferslachjouwer Onno Falkena heinde Buma op by oankomst yn Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)