Baanrekôr Patrick Roest op 5000 meter, Bergsma twadde, Kramer tredde

Wrâldkampioen allround Patrick Roest hat mei in prachtich baanrekôr de 5000 meter wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Yn syn rit tsjin Sven Kramer, trijefâldich Olympysk kampioen op de 5000 meter, waard sels it baanrekôr fan Kramer ferbettere. Dat stie op 6.09.65. Roest brocht it op 6.08.98.
Jorrit Bergsma waard twadde yn 6.15.31 en Sven Kramer tredde yn 6.17.09. Douwe de Vries ried nei it fjirde plak yn 6.17.90. Marcel Bosker, mei 6.18.88, is de fiifde man dy't in startbewiis helle foar de wrâldbekerwedstriden yn Japan en Poalen.
Jorrit Bergsma 5000 meter manlju
Douwe de Vries 5000 meter manlju