Kabelnoord en Solcon sille gearwurkje oan bûtengebiet fan Fryslân

Kabelnoord wurket oan de oanlis fan glêsfezel yn Eaststellingwerf. Foar de nije glêsfezelprojekten yn it bûtengebiet binne Kabelnoord en ynternetprovider Solcon, fêstige yn Dronten, in gearwurking oangien. Solcon is dêrmei, neist Kabelnoord, de nije oanbieder yn in bûtengebiet fan Fryslân.
Glêsfezel © Shutterstock.com

Primeur: kar út twa providers

Solcon is dizze wike yn Eaststellingwerf begûn as provider. Bewenners fan dat dielgebiet hawwe dêrmei as earsten de kar út twa providers: njonken Kabelnoord dus ek út Solcon.
Niek Geelhoed, algemien direkteur fan Kabelnoord, is bliid mei de komst fan Solcon. "We zijn al een tijd op zoek naar een tweede aanbieder op ons netwerk en we zijn erg tevreden dat we een stevige partij gevonden hebben die met ons mee wil doen. Daarmee krijgen de mensen de beloofde keus tussen meerdere dienstenaanbieders, wat juist op glasvezel heel goed mogelijk is", seit Geelhoed.

Solcon ûnderdiel fan KPN

Solcon is sûnt july 2017 ûnderdiel fan KPN en is al langer aktyf yn oare bûtengebieten yn Nederlân. "In het buitengebied ligt de grootste noodzaak voor sneller internet en dat is ook steeds meer een maatschappelijke behoefte", seit algemien direkteur fan Solcon, Andries Mijnhardt.
Se ynventarisearje no yn Eaststellingwerf en dat dogge se oant 24 desimber fan dit jier. Op dat stuit moat 60 persint fan de 1.690 húshâldens him by ien fan de providers ynskreaun hawwe om de oanlis te realisearjen.