Hurddravers: Berenloop op Skylge ien fan de moaiste maratons

02 nov 2018 - 20:33

Mei sinneskynwaar en sa'n tsien graden wurdt it net de swierste edysje yn tiden, mar dochs bliuwt de Berenloop in parkoers dat op himsels stiet. Dravers kinne ek dizze kear wer kieze út de hiele of heale maraton.

Op sneontemoarn is earst de 5 en 10 kilometer en is der foar jongerein ek in spesjaal parkoers útsetten. In dei letter is it grutte wurk. De Berenloop waard foar it earst hâlden yn 1997 en de namme is in ferwizing nei de Skylger seeheld Willem Barentsz, dy't op Nova Zembla oerlibbe troch op iisbearen te jeien.

Pikefel

De winner fan ferline by de manlju, Riekele Kobes, set alles op alles om ek dit jier wer as winner oer de einstreek te kommen ûnder de foet fan de Brandaris. "Dat wie echt pikefel", seit er. "Ik hie it net ferwachte, dus dan is it ekstra moai."

Tankber

Foar Ylona Kruis is de maraton winne by de Berenloop dochs in bytsje in dream wurden. De ôfrûne twa edysjes waard se twadde en ek yn 2012 hoegde se mar ien frou foar har te litten. "Ik soe it hiel moai fine om de Berenloop in kear te winnen," seit Kruis.

Oan de oare kant kin se goed relativearje. "Ik bin hiel tankber dat ik sa goed drave kin. Ik fyn it rykdom. It jout frijheid en sa folle romte."

(advertinsje)