'Fan Fryslân' set Fryslân op de kaart

07 nov 2011 - 17:21

De kommende jierren sil elkenien yn Nederlân hearre fan 'Fan Fryslân'. It moat de nije slogan fan ús provinsje wurde.

De kommende jierren sil elkenien yn Nederlân hearre fan 'Fan Fryslân'. It moat de nije slogan fan ús provinsje wurde, lykas de bekende kreet fan ús buorprovinsje: 'Er gaat niets boven Groningen'. It is net allinne bedoeld foar toeristen, mar foaral ek foar bedriuwen en bygelyks studinten.

'Fan Fryslân' is no hast in jier dwaande en hat de plannen foar de kommende jierren op papier setten. Ien fan de ideeën is 'it wykein Fan Fryslân'. Yn dat wykein soe elkenien fergees oernachtsje kinne moatte yn Fryslân om sjen te litten wat ús provinsje allegear te bieden hat.

Trefwurden: 
Fan Fryslân promoasje slogan
(advertinsje)
(advertinsje)