Antoinette de Jong giet foarút by 'gruttere en profesjonelere ploech'

It reedrydseizoen is freed yn Thialf echt úteinset mei it kwalifikaasjetoernoai foar de wrâldbekers. Der ha nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen bykommen. Dêrom litte we jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen eltse dei yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. Freed is Antoinette de Jong oan bar.
Antoinette de Jong
Dit is dyn earste presintaasje by Team Jumbo. Ast om dy hinne sjochst, fernimst dan hoe grut oft de ploech is?
"Ja, der is parse dy't ik hast noait sjoch, lykas RTL Boulevard. It is yn ien kear in stik grutter. Dat is moai om te sjen en it is moai om dêr underdiel fan út te meitsjen."
Fernimst op it iis ek dat it grutter en better is?
"It is wol grutter en it is krekt efkes wat profesjoneler. Je sitte by de bêste riders fan de wrâld. It is moai om dêr mei syn allen wat moais fan te meitsjen."
Hoe befalt it oant no ta?
"Goed! Ik bin der hiel bliid mei. Ik ha in goeie klik mei Jac Orie (de coach). Hy hat in skema dat goed by my past en dêr bin ik hiel bliid mei. En al dy testen, wow! It binne der safolle. Mar it is goed om presys te witten wat goed foar my is en oftst fit bist om traine te kinnen. De jierren dêrfoar twivele ik der simmers wolris oan, dan witst it net. No witst presys oftst in stapke ekstra sette moast."
Wêr falt foar dy de winst te beheljen?
"De 3 kilometer is myn ôfstân en ik wol ek graach op de 1500 meter in pear sekonden hurder ride. De helte fan de tiid giet it minder mei my op de 1500 meter en dat wol ik konstanter hâlde. Dêr binne we ek op oan it trainen. Technysk bin ik oars riden gien. Ik bin wol benijd hoe't dat útpakke sil. Ik wol mysels yn de breedte hiel graach ferbetterje. En ast de testen sjochst, giet it wol foarút. Dêr bin ik wol hiel bliid mei."
Oer pykmominten sprutsen. Elkenien seit it WK ôfstannen en it WK allround. Binne dat ek dyn haaddoelen?
"Ja, dat binne ek myn doelen. It allrounden fyn ik hiel moai. Dus op it EK en WK allround en it WK ôfstannen wol ik pike. En fansels wol ik goeie wrâldbekers ride. Dêr geane we foar!"
© www.orange-pictures.nl
Team Jumbo bestiet út de folgjende Fryske reedriders:
Oare riders yn it team binne: