Antoinette de Jong de bêste op de 1500 meter

Antoinette de Jong hat op it kwalifikaasjetoernoai foar de wrâldbeker yn Thialf de 1500 meter wûn. Har winnende tiid: 1.55.41. Olympysk kampioen Ireen Wüst waard twadde yn 1.56.84. Joy Beune, ferline seizoen de wrâldkampioene allround by de junioaren, einige as tredde yn 1.57.25.
Antoinette de Jong 1500 meter froulju
Melissa Wijfje waard fjirde, Lotte van Beek fiifde. De earste fiif meie meidwaan oan de wrâldbeker wedstriden yn novimber yn Japan (Obihiro en Tomakomai) en yn desimber yn Poalen.
Ireen Wüst © OrangePictures