Trije útgeanstips foar ReOpening LF2018

02 nov 2018 - 18:46

De lêste moanne fan LF2018 wurdt feestlik mei in ReOpening ôfsletten: trije wike feest om net de ein, mar krekt it begjin te fieren. Wat is der allegearre te dwaan yn de earste wike en wat moatst no écht net misse? Wy jouwe dy trije útgeanstips foar de wike fan 3 oant en mei 11 novimber.

Foto: Dizz events

Tip 1: Dizz=Harmony mei Conchita Wurst

Yn it ramt fan de 'Love for All' wike yn Ljouwert wurdt op sneon 3 novimber yn De Harmonie it evenemint Dizz=Harmony organisearre. In feest foar elkenien: gay, lesbian, bi, hetero, transgender of transseksueel, net ien wurdt útsletten. Op it feest sille ûnder oaren Ferry de Ruiter, Doppelgang, Sharon Doorson optrede, én winner fan it Eurovisie Songfestival 2014: Conchita Wurst.

Dizz=Harmony: sneon 3 novimber om 22.30 oere yn skouboarch De Harmonie

Foto: LF2018

Tip 2: The Good Vlog

Kinst de wrâld ferbetterje mei in vlog? Dy fraach stiet sintraal by The Good Vlog dat organisearre wurdt troch IepenUP, it Noordelijk Film Festival en New Noardic Wave. Vloggers hawwe in grut poadium om minsken oan it tinken te setten oer aktuele ûnderwerpen. No bart dat lykwols noch net. Dat soe oars moatte, mar hoe? Sprekkers binne Lisa Koetsenruijter (sjoernalist De Volkskrant en vlogger út Nederlân), Jazza John (YouTube creator for change, út Ingelân) en Rowan Blijd (programmamakker KRO-NCRV en vlogger út Nederlân).

The Good Vlog: woansdei 7 novimber fan 20.00 oant 21.30 oere yn Teäterskip Bald'r.

Foto: Citybooks

Tip 3: Citybooks

Ljouwert portrettearre oan de hân fan koarte ferhalen en rigen fan 24 foto's of bylden: dat is Citybooks. Hjirfoar ferbleaune Irakese filmmakker en skriuwer Hassan Blasim, de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck en de New Yorkse Latasha N. Nevada Diggs yn Ljouwert. Sy skreaune allegearre in ferhaal, basearre op de stêd. Ljouwerter skriuwer Arjan Hut skreau ek in Citybook. Dy Citybooks binne te besjen en beharkjen yn OBE. Dêrnjonken binne op Ljouwert ynspirearre bylden te besjen, makke troch keunstners Anne Margot Stapert en Chantal Rens.

Citybooks: fan 11 novimber ôf te sjen yn OBE

De ReOpening fan sneon 3 oant en mei snein 25 novimber is de grutte ôfsluter fan it jier fan Ljouwert Fryslân 2018. De trije grutte festivals, It Noordelijk Filmfestival, it Luna Lichtfestival en Explore the North binne de trije pylders dêr't it einfeest om draait. Dêrnjonken wurde oeral yn de stêd en yn de provinsje tal fan oare aktiviteiten organisearre mei as doel om in nije kant fan Fryslân sjen te litten. It folsleine programma is te finen op de webside fan LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 ReOpening útgeanstips
(advertinsje)