Kai Verbij wint 500 meter yn Thialf

Kai Verbij hat de 500 meter wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Mei 35.03 bleau er yn in spannende rit Jan Smeekens ien hûnderste foar. It tredde plak wie foar Kjeld Nuis yn 35.19. Michel Mulder waard fjirde yn 35.222. Syn broer Ronald Mulder waard fiifde yn 35.225.
Jesper Hospes
Jesper Hospes waard sânde yn 35.41. Hy wie swier teloarsteld. De earste fiif meie meidwaan oan de wrâldbeker wedstriden yn novimber yn Japan (Obihiro en Tomakomai) en yn desimber yn Poalen.