Pasjinten út de polder foar spoedeaskjende help nei Fryslân

02 nov 2018 - 18:00

De spoedeaskjende help fan de sikehûzen yn Snits en op It Hearrenfean krije fan moandeitenacht ôf ek pasjinten út de polder te ferwurkjen. De spoedeaskjende help fan it sikehûs yn Lelystêd giet dan nachts ticht, omdat it der net mear feilich is, seit de medyske stêf.

Foto: Omrop Fryslân

It sikehûs yn Lelystêd is fallyt en der is op dit stuit in tekoart oan personiel foar de nachttsjinsten. Oare sikehûzen wolle it personiel graach ha, dus de minsken stappe oer. It is net bekend hoe lang't de spoedeaskjende help yn Lelystêd nachts tichtbliuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)