Reedrydbûn KNSB skriuwt wer swarte sifers

02 nov 2018 - 17:30

Nei in oantal jierren fan grutte tekoarten op de begrutting en flinke sanearringen skriuwt it Nederlânske reedrydbûn KNSB wer swarte sifers. "De tijd van forse bezuinigingen is voorbij. We kunnen weer gaan bouwen", liet direkteur-bestjoerder Herman de Haan freed op It Hearrenfean witte.

KNSB - Foto: ANP

Neffens de nije KNSB-topman, dy't yn july begûn, is der no in oerskot fan 'in pear ton'. Hy kin noch gjin eksakte sifers jaan om't de jierrekken noch oan de lederied en ried fan tafersjoch foarlein wurde moat.

"Het positieve saldo voegen we in elk geval toe aan onze reserve", seit De Haan. "Die reserve bedraagt nu circa 1,7 miljoen euro. Het is ons streven om daar weer 3 miljoen van te maken. In het lopende boekjaar houden we rekening met een positief saldo van een half miljoen, op een begroting van iets meer dan 12 miljoen."

iSkate

De KNSB hat noch ûngefear in ton tegoed fan koepelorganisaasje iSkate, dat troch finansjele problemen net mear fan de partij is yn it nije reedrydseizoen. Ek reedriders lykas trijefâldich olympysk kampioene Jorien te Mors en stêfleden fan ferskate ploegen wachtsje noch op jild. "We kijken nog naar de juridische mogelijkheden om iets aan onze openstaande vorderingen op ISkate te doen, maar ik vraag me af of dat nog gaat lukken", seit De Haan.

Nei oanlieding fan it iSkate-dossier hat de KNSB de lisinsjebetingsten foar de profesjonele ploegen oanskerpe. "We handelen de financiële verplichtingen van de huidige vier topteams nu voor het begin van het seizoen af via een accountant. Daarmee voorkomen we dat de schaatsers, de teams en de KNSB opnieuw met financiële problemen worden opgezadeld. Want eerlijk gezegd zijn we behoorlijk geschrokken van de situatie die iSkate achterliet."

Trefwurden: 
reedriden KNSB Herman de Haan
(advertinsje)