Rekôroantal gasten foar de preamfeart yn Ljouwert

02 nov 2018 - 17:09

Mei de Nacht van de Nacht is dit wykein in ein kaam oan in suksesfol rûnfeartseizoen fan de Stichting Preamfarren Ljouwert. Der hawwe dit jier 65.000 gasten oan board west. Foarich jier wiene dat noch 23.000 gasten. Faktoren dy't in rol spile hawwe, binne neffens de stichting benammen Kulturele Haadstêd, de Escher-tentoanstelling en it moaie waar.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De balâns is opmakke: der is tusken ein maart en ein oktober in rekôrtal fan hast 42.000 yndividuele kaartsjes ferkocht. Dêrneist hawwe der troch boekingen nochris 23.000 gasten oan board west. Dat makket dat der yn 2018 rom 65.000 gasten op in pream west hawwe.

Foarich jier bleau de teller noch stekken op 23.000 gasten. "Deze ongekende getallen zijn natuurlijk mede te danken aan de Culturele Hoofdstad 2018, het succes van de Escher tentoonstelling in het Fries Museum en natuurlijk niet in de laatste plaats aan het stabiele mooie weer", seit foarsitter Erik Klomp.

(advertinsje)