Friese Poort oer ôfspraken stadion: "Deze keer staat het duidelijk op papier"

Wat Friese Poort oanbelanget kin it no net mear misgean: dat nije Cambuurstadion komt der. "We hebben nu heldere afspraken", seit Remco Meijerink. Hy is de foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Friese Poort. "Hooguit dat er nog wat vertraging komt, maar dat hopen we niet. We gaan ervan uit dat het nu gewoon doorgaat."
Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Twa wike lyn stapte Friese Poort út de stadionplannen, om't se gjin fertrouwen mear hiene yn de gemeente Ljouwert. De partijen wiene it net iens oer wa't tydlike húsfêsting fan Friese Poort finansierje soe. Ofspraken dy't by in petear op 20 july makke wiene, stiene net op papier. Dat is no oars: "Het staat heel duidelijk op papier, er komen geen misverstanden meer", seit Meijerink.
Wa't de tydlike húsfêsting betelje sil, dat wit Meijerink net. "Dat maakt voor ons ook niet zoveel uit. Voor ons is het belangrijkste dát het geregeld is en dat de huisvesting er komt."
Duurt het een jaar langer, dan duurt het een jaar langer.
Meijerink hat gjin soargen mear
De tydlike húsfêsting is nedich, omdat de stadionbou fertraging oprûn hat. En noch langer yn it hjoeddeistige gebou bliuwe, kin om Friese Poort net, want dat is ferâldere.
Meijerink: "We zouden eerst in 2019 andere huisvesting hebben gehad voor onze studenten. Dat wordt 'm zeker niet. Het zou toen 2020 worden en toen 2021. Nou, 2021 staat ook nog wat onder druk, maar 2022 moet haalbaar zijn. Dus we hebben voor de komende drie jaar huisvesting. Duurt het een jaar langer, dan duurt het een jaar langer."