Noardwâldster krijt selstraf foar skelle en bedriigje

02 nov 2018 - 17:00

In man út Noardwâlde moat acht wiken de sel yn, fanwegen bedriging en mislediging. De man hat in donkere man útskolden foar 'pleurisneger'. Op deselde dei dat dat barde wie er it gebou fan it gebietsteam Noardwâlde yngien, wylst it him ferbean wie om dêr te kommen. En in heal jier lyn hat er syn buorman bedrige.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte is in bekende fan plysje en justysje. Hy hat in strafblêd fan 25 siden. Neffens de reklassearring hat de man gjin steurnis, mar is der sprake fan anty-sosjaal gedrach. De man woe net nei it plysjeburo komme om heard te wurden. Doe't de plysje in brief by him troch de bus dwaan woe, treau de fertochte de brief werom.

By ferstek feroardiele

De fertochte wie freed net by behanneling fan de saak. Hy waard by ferstek feroardiele.

(advertinsje)