Miljoenetekoart by soarchynstelling De Noorderbrug

02 nov 2018 - 16:39

Soarchynstelling De Noorderbrug sit mei in miljoenetekoart. De Noorderbrug hat fêstigingen yn Ljouwert, Drachten en Snits, mar ek yn Grinslân en Drinte. De organisaasje biedt ûnder oare deibesteging en beskerme wenjen. Der wurkje sa'n achthûndert minsken.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Op it stuit wurdt drok wurke oan in besunigingsplan om De Noorderbrug oerein te hâlden. Neffens ynterim-bestjoerder Jeltje Schraverus leit de oarsaak fan de finansjele tekoarten trije jier lyn, yn in wiziging fan de bestjoersstruktuer, wêrnei't tefolle djoere útstjoerkrêften oannommen binne. It giet om in totale kostepost fan 2,5 miljoen euro.

Nije wike wurdt yn gearwurking mei de fakbûnen in sosjaal plan foarlein. Schraverus ferwachtet dat de besuniging net ta koste giet fan de soarch, mar tinkt dat ûntslaggen yn benammen overhead en stêftsjinsten net foar te kommen binne.

(advertinsje)