Hast in heal miljoen dwerslizzers fan It Hearrenfean nei Amearika

02 nov 2018 - 16:10

Sûnt koart is it mooglik om dwerslizzers te keapjen yn Amearika. Op dit stuit lizze dêr 350.000 eksimplaren yn de boekwinkels. Omdat it betrouwen yn de minyboekjes út Amearika grut is, binne der nochris 80.000 eksimplaren neibesteld. Foar útjouwerij Royal Jongbloed op It Hearrenfean is it no ôfwachtsjen om te sjen hoe goed de ferkeap rinne sil.

Foto: Google Streetview

Neffens sales-direkteur Jacco Klok fan Royal Jongbloed, dy't op dit stuit yn Amearika sit, is it risiko fan 430.000 drukte eksimplaren te oersjen. "We verkopen dwarsliggers van de auteur John Green. Hij heeft de afgelopen jaren meer dan vijftig miljoen boeken verkocht, dan zitten wij met ons aantal gedrukte dwarsliggers nog niet eens op één procent."

Sukses yn Amearika?

Dochs is it wol spannend foar Royal Jongbloed om te sjen hoe bot de dwerslizzer oanslaan sil yn Amearika, bygelyks ek om te sjen hoefolle dwerslizzers der noch by drukt wurde moatte. Foar de Amerikaanse merk hat Jongbloed kontakt mei Penguin Books. Dat is ien fan de grutste útjouwers yn de wrâld. Yntusken binne der yn grutte kranten, lykas de New York Times en de Washington Post al artikels skreaun pleatst oer de dwerslizzer.

Ingelân en Turkije

Net yn elk lân dêr't de dwerslizzer ferskynt, is it fuortendaliks in sukses. Yn Ingelân slagge it oant no ta net goed, fanwegen problemen mei de retail, wylst yn Turkije just wol in protte dwerslizzers ferkocht wurde. "Dat komt, omdat ze daar bij de kassa liggen en als impulsaankoop worden meegenomen. Bovendien rijden er scooters in Istanbul rond, waar ze dwarsliggers mee verkopen."

(advertinsje)