Olde Riekerink sjocht foarút: "Emmen heeft een hecht team"

02 nov 2018 - 16:03

Sportklup Hearrenfean nimt it snein op tsjin promovendus FC Emmen. De ploech fan Jan Olde Riekerink hat dit seizoen noch gjin inkelde wedstriid wûn yn it eigen Abe Lenstra stadion en dat wylst Emmen it just yn útwedstriden goed docht: sy hellen seis fan de njoggen punten bûtendoar.

Olde Riekerink hat in ferline by FC Emmen. Hy hat twa seizoenen haadtrainer west yn Drinte. Hy fynt it bysûnder dat beide ploegen inoar foar it earst op it heechste nivo tsjinkomme.

Emmen is hecht

En se dogge it net ûnaardich, neffens de Hearrenfeantrainer: "Ze hebben dan met 6-0 van PSV verloren, maar ik vond dat ze in de beginfase best aardig meevoetbalden. Er zit een idee achter en een aantal voetbalt er al jaren met elkaar. Daardoor zijn ze een hecht team. Dat zijn een aantal redenen waarom ze zijn gepromoveerd en waarom ze tot nu toe al negen punten bij elkaar hebben gesprokkeld."

Høegh noch fraachteken

Daniel Høegh is noch in fraachteken foar de wedstriid tsjin FC Emmen. De Deenske ferdigener foel woansdei yn de warming-up tsjin Groene Ster út mei in heupblessuere. Ut foarsoarch trainde Høegh freed net mei. "Er staat nog geen definitieve streep door", seit Olde Riekerink, "maar het zal wel lastig worden. Als Daniel fit is, dan speelt hij."

Wylst sc Hearrenfean him dizze wike kwalifisearre foar de lêste sechstjin yn it bekertoernoai, ferlear FC Emmen ferrassend fan de amateurs fan ODIN'59 (1-3). Wat seit dat foar de wedstriid fan snein? "Dat kan altijd twee kanten op gaan", seit Olde Riekerink. "Of het werkt verlammend, of je krijgt extra spirit om zo iets recht te zetten."

Ferwachte opstelling Hearrenfean: Hahn; Floranus, Næss (Høegh), Bulthuis, Pierie; Thorsby, Rienstra, Vlap; Kobayashi, Lammers en Zeneli.

De wedstriid Hearrenfean - FC Emmen begjin snein om 12.15 oere en wurdt live útstjoerd by Omrop Fryslân Radio; tusken 12.00 en 13.00 mei flitsen en dêrnei folslein. Kommentator is Arjen de Boer.

(advertinsje)