Ultime lêste poging om it DNA fan alle Ljouwerters te krijen

02 nov 2018 - 15:48

It is in keunstwurk dat sterk de oandacht lûkt: de kubus yn de hal fan it gemeentehûs fan Ljouwert. Besikers yn de hal rinne derlâns en de measten bliuwe wol eefkes hingjen. Sjen nei wat der no eins yn dy grutte ruten sit. It is de samling fan it DNA fan Ljouwerters en minsken dy't wat mei de stêd ha, it DNA fan Ljouwert.

It is in saneamd 'community art'-projekt fan Marijke Tiemersma en Hein de Graaf. Se ha it opset om yn it jier fan Kulturele Haadstêd safolle mooglik ferhalen oer en út de stêd fêst te lizzen. Dat slagget oant no ta goed. Mei-inoar binne der al sa'n 16.000 buiskes mei ferhalen sammele en ferwurke yn de ruten fan de kubus. Marijke Tiemersma: "Yn alle buiskes sit wol wat. Moaie ferhalen dy't dan wer yn de database werom te finen binne. Elkenien kin se lêze."

Plakken frij

Der binne lykwols noch plakken frij. Hein de Graaf: "Dy wolle wy graach fol ha. Minsken kinne noch oant 31 desimber in buiske ynleverje. Dan slute wy it ôf en giet it op slot."

It keunstwurk moat bestean bliuwe. Der wurdt no hurd wurke oan plannen om it in permanint plak te jaan. De Graaf: "Sjoch: de ferhalen lizze al fêst, yn in database. Mar dizze ruten mei de buiskes moatte ek bliuwe. Se gean net mei Omrin mei. We binne dwaande en hoopje sa gau as mooglik in moai plak te finen."

Ofsluting

It projekt wurdt ein desimber ôfsletten. De kubus bliuwt dan noch in skoftke yn de hal fan it gemeentehûs stean.

Trefwurden: 
keunstwurk LF2018 DNA
(advertinsje)