Ald-Jouster Durk Stoker (FNP) foardroegen as wethâlder De Fryske Marren

De FNP yn De Fryske Marren draacht âld-Jouster Durk Stoker foar as wethâlderskandidaat. Hy soe Johannes van der Pal opfolgje moatte. Dy hat koartlyn oanjûn dat er ophâlde wol.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
Stoker hat in soad ûnderfining yn de polityk. Hy wie oant in jier lyn wethâlder yn buorgemeente Súdwest-Fryslân. Dêr is er no fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried. Fierder is Stoker foarsitter fan de lanlike Onafhankelijke Senaats Fractie, dêr't de FNP ûnderdiel fan útmakket.

Betûft persoan

"Binnen ús partij binne we tige bliid mei Durk Stoker, it is de goeie persoan op it goeie momint", seit bestjoersfoarsitter Wouter Wouda. Mei Durk Stoker as betûft persoan kin ek it kolleezje neffens de FNP goed fierder.
De FNP leit Durk Stoker ynkoarten foar as wethâlderskandidaat oan de gemeenteried. Dy hat it lêste wurd oer de beneaming.