Supporters FC Emmen hingje spandoeken op by Abe Lenstra Stadion: "Liever een hunebed"

Supporters fan fuotbalklup FC Emmen hawwe yn oanrin nei de wedstriid fan snein tsjin Sportklup Hearrenfean spandoeken ophongen by it Abe Lenstra Stadion. Ek it stânbyld fan Abe Lenstra is yntusken read-wyt oanklaaid; hy hat in shirt oan fan de fuotbalklup út Emmen.
© Twitter @SV Brigata Fanatico
"Een bezoekje gebracht aan de tegenstander van zondag. Abe staat er weer een stuk beter op!", sa falt te lêzen op it Twitter-account fan supportersferiening Brigata Fanatico fan FC Emmen.

Spandoeken

Op de spandoeken stean ferskate teksten, lykas 'liever een hunebed dan een pompeblêd' en 'liever klein dan fijn dan groot en dood'.

"Gjin rivaliteit"

Neffens Hearrenfean-folger Arjen de Boer is der fierder gjin rivaliteit tusken beide ploegen. "It is ek de earste kear dat de teams elkoar tsjinkomme yn de Earedifyzje."
It jierlikse duel mei FC Grins smyt noch altyd mear argewaasje op rûnom de wedstriiddei. Begjin foarich jier waarden noch fans fan Hearrenfean oppakt foar it mishanneljen fan it Grinzer.
© Twitter @SV Brigata Fanatico