Plysje Ljouwert pakt brommerrider mei drugs op en ynbrekkersark by him

De plysje hat tongersdeitejûn by in ferkearskontrôle op de Menno van Coehoornstrjitte yn Ljouwert in 28-jierrige brommerrider út de stêd oanhâlden.
It plysjeburo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It kenteken op de brommer doogde net, de bestjoerder wie ûnder ynfloed fan drugs en hy mocht eins hielendal net ride om't hy in ûntsizzing hie.
Boppedat fûn de plysje ynbrekkersark yn in tas dy't de man by him hie. De man fersette him tsjin syn oanhâlding en wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. De Ljouwerter sit fêst foar fierder ûndersyk. De brommer en it ynbrekkersark binne yn beslach naam.