Bejeien stienmurd goed foar stân greidefûgels

It bejeien fan de stienmurd is in kânsrike maatregel om de greidefûgels te beskermjen. Dat seit de provinsje nei in proef yn it greidefûgelgebiet by Aldeboarn.
© -
Dêr binne yn de maitiid 10 stienmurden fongen en deamakke. Dat laat ta in taname fan it oantal jonge greidefûgels. It oantal nêsten dat leechrôve waard sakke fan 55 nei 35 prosint, it oantal aaien dat útkaam gie omheech fan 39 nei 47 prosint.
Dat der dochs noch nêsten leechrôve waarden, kaam troch in foks en twa stienmurdwyfkes mei jongen, dy't de provinsje mei rêst litten hat.
Hiene dizze predatoaren der net west, dan hie 90 prosint fan de nêsten oerlibbe. De provinsje wol de proef graach útwreidzje nei oare gebieten en hat dêrfoar by it Ryk subsydzje oanfrege.