Eask: 8 jier sel en tbs foar deaslach Ursel Sprott yn Ljouwert

02 nov 2018 - 13:48

Tsjin de Ljouwerter, dy't fertocht wurdt fan it ombringen fan Ursel Sprott ferline jier oktober, is freed yn de Ljouwerter rjochtbank 8 jier sel mei tbs easke. Neffens it Iepenbier Ministearje kin it net oars as dat de 39-jierrige fertochte de dieder is. Hy wurdt troch ferskate tsjûgen sjoen en ek kamerabylden wize yn de rjochting fan de man. Moard kin net bewiisd wurde, deaslach wol.

Sels ûntkent hy de 35-jierrige Sprott delstutsen te hawwen. Hy seit dat in oar it dien hat. Offisier fan justysje Roelof de Graaf fertelde freed dat de plysje ek oare mooglike fertochten ("man met hond") opspoard en heard hat. "Maar die vielen allemaal af. Deze man voor u heeft het gedaan."

"Ik ga je vermoorden"

Ien fan de tsjûgen hearde dat de fertochte en slachtoffer flak foar it delstekken spul hawwe. "Ik zei toch dat ik je ga vermoorden", sa fangt de tsjûge op. Ek middeis hat de Ljouwerter ditsoarte termen brûkt as beide manlju in skeel ha oer de kwaliteit fan de levere drugs. "Je verkoopt troep, rattengif. Ik ga je vermoorden." Neffens De Graaf hat dat it motyf west fan de fertochte.

It ombringen fan Sprott kinne je net los sjen fan de ferskate steurnissen fan de fertochte, mient De Graaf. Te tinken falt dêrby oan in anty-sosjale persoanlikheidssteurnis en in ferslavingssteurnis. "Dit kan zo weer gebeuren en daarom eis ik ook tbs op met dwangverpleging om de samenleving te beschermen." Neffens De Graaf "zijn de veiligheidsgevoelens in de samenleving aangetast en de Leeuwarder bevolking was geschokt".

Fûn, mar net ombrocht

De fertochte seit dat hy it slachtoffer fûn hat en net ombrocht, mar justysje leaut dat net. "Het is gek dat je wegvlucht als je een zwaar gewond persoon aantreft op straat", seit de offisier fan justysje. Neffens De Graaf kin moard net bewiisd wurde, mar deaslach wol.

Foto: Kappers Media

Advokaat: gjin direkt bewiis

Advokaat Teade Bruinsma fan de Ljouwerter seit dat der gjin direkt bewiis is. "Geen enkele getuige heeft gehoord dat er is gestoken. Ook de getuigen die zeggen de verdachte met zijn hond te hebben gezien, komen met verschillende verklaringen."

De fertochte hat himsels melden. "Hij heeft altijd meegewerkt aan het onderzoek." Boppedat, sa seit Bruinsma, is der gjin wapen oantroffen by de fertochte. "Waar is dat mes dan gebleven? Het is nergens gevonden."

De fertochte is een "voor de hand liggende verdachte. Voor de politie is hij te mooi om waar te zijn. Het strafrechtelijk onderzoek is vernauwd". Bruinsma easket frijspraak.

(advertinsje)