Freedsmerk oer F1 yn Zandvoort: "Dan moat dy prins mar ta de bûse..."

"De Formule 1 nei Zandvoort? Fantastysk! Mar dan moat dy prins mar ta de bûse..." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it nijs dat de Formule 1 mei Max Verstappen yn 2020 mooglik nei Zandvoort komt.
© ANP
It folsleine evenemint kostet tusken de 30 en 40 miljoen, sa is besifere. "O blinder, nee wol!", sa hearden we, mar ek: it smyt úteinlik altyd mear op as it kostet. Guon oaren fûnen it spitich dat de F1 net nei Assen komt. "It TT-sirkwy is ek hiel geskikt en it is dêr logistyk ek handiger."
De blommeman wie der nochter ûnder: "As ik it mar op TV sjen kin, dan makket it my neat út wêr't se ride." En in wat âldere frou hie sa har eigen reden om de F1 te folgjen: "Dy Max Verstappen, dat fyn ik sa'n moai jonkje..."
Harkje nei de mieningen op de freedsmerk