Definsje tenei wol iepen oer meldingen skealike groom-6

02 nov 2018 - 12:56

Meldingen fan definsje-meiwurkers oer it skealike groom-6 binne tenei iepenbier. Ek komt op in webside te stean wat der mei de melding dien is. It ministearje wol op dizze wize de iepenheid en feilichheid ferbetterje.

Foto: ANP

Groom-6 sit yn farve om rustjen foar te kommen. Definsje siket noch nei alternativen foar de farve. Se wisten by Definsje al tsientallen jierren dat de farve liede kin ta kanker, mar ha dit nea tsjin de wurknimmers sein. De minister hat derfoar ekskuzen oanbean en der is in kompensaasjeregeling foar slachtoffers.

Hegere fergoeding

Organisaasjes dy't opkomme foar de slachtoffers binne net tefreden oer de regeling; sy wolle in hegere fergoeding. Groom-6 is ek op de Ljouwerter fleanbasis en lâns it spoar brûkt.

(advertinsje)