Friese Poort giet dochs nei it nije Cambuurstadion

02 nov 2018 - 12:27

Goed nijs foar Cambuur: Friese Poort sil dochs romte hiere yn it nije stadion fan de Ljouwerters by it WTC-terrein. It plan stie op losse skroeven, nei't Friese Poort sei dat se gjin romte mear hiere woene.

Dit seit boargemaster Ferd Crone oer it nijs

Neffens Friese Poort lei der in ôfspraak mei Ljouwert dat de gemeente de kosten foar tydlike húsfesting op har nimme soe. De skoalle stapte út de ûnderhannelingen. De gemeente ûntkent. "Wij vinden het spijtig dat hierover een dispuut is ontstaan", sizze wethâlders Henk Deinum en Friso Douwstra no. "Afgelopen weken is er met de partners besproken hoe de kosten van de tijdelijke huisvesting gefinancierd worden en is hiervoor een oplossing gevonden."

Neffens de wethâlders wie it de yntinsje fan de gemeente dat de kosten foar húsfesting "gedekt zouden worden uit de businesscase gebiedsontwikkeling WTC". Deinum en Douwstra sizze no te tinken dat it ûnderling betrouwen no wer goed is.

Cambuur is tige bliid

Ard de Graaf, direkteur fan Cambuur, is tige bliid mei it nijs. "We hebben altijd vertrouwen gehouden, maar ik hoef niemand uit te leggen dat het spannende tijden zijn geweest. We kijken ernaar uit om met alle partijen volle kracht vooruit te gaan en een nieuw stadion neer te zetten."

Yn Fryslân Hjoed freed mear omtinken foar Friese Poort, it Cambuurstadion en de gebietsûntwikkeling. Ard de Graaf sit oan tafel en ek sjoernalisten Sander de Vries en Gerard Bos.

(advertinsje)