Skiermûntseach folslein autofrij? Of in nije ferbiningswei?

02 nov 2018 - 12:25

In folslein autofrij sintrum fan Skiermûntseach, of in ferbiningswei tusken de Heerewei en it bedriuweterrein. It binne inkelde suggestjes dy't tongersdeitejûn foarby kamen op in gearkomste yn it doarpshûs op it eilân. Ynwenners en riedsleden gongen mei-inoar yn petear oer it ferkear op Skiermûntseach, en it feit dat it benammen yn 'e simmerperioade dochs wol frij drok is yn en om it doarp.

Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

"We hebben één centrumpje op het eiland", fertelt riedslid Wyb Jan Groendijk fan Schiermonnikoogs Belang. "Bij binnenkomst kan het flink druk zijn. Eens in de drie uur is er de bootverbinding met het vasteland. Dan is er veel verkeer. Eilanders vinden dat er iets aan gedaan moet worden."

Ferbiningswei, of ferkearsfrij

De partijen op Skiermûntseach tinke der neffens Groendijk allegear itselde oer; der moat wat gebeure. Ien fan de opsjes dy't tongersdeitejûn foarby kaam, wie in ferbiningswei tusken de Heerewei en it bedriuweterrein op Skiermûntseach. "Dan hoeven de bedrijven niet meer door het dorp te rijden", neffens Groendijk. "We kunnen er ook voor kiezen het centrum op bepaalde tijden volledig verkeersvrij te maken."

It kolleezje hat de útkomsten fan tongersdeitejûn no meinommen. Oan de hân dêrfan wurdt besjoen wat der no fierder mei dien wurde kin.

Riedslid Wyb Jan Groendijk

Trefwurden: 
ferkear Skiermûntseach
(advertinsje)