Drankrider bedarret yn Kollum mei auto op sydkant nei botsing mei beamke

02 nov 2018 - 12:00

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn Kollum in drankrider oanhâlden, nei't de bestjoerder op de Foarstrjitte mei syn auto tsjin in beamke botst wie.

Plysjepet - Foto: Shutterstock.com

De auto fan de man kaam dêrnei op de sydkant telâne. De swier skansearre auto moast troch in berger ophelle wurde. De bestjoerder kaam mei de skrik frij, mar moast wol in blaasproef dwaan.

Dêrút die bliken dat de man mei drank op efter it stjoer siet. Hy krige in rydferbod en der is proses-ferbaal opmakke.

(advertinsje)