Galjaardpriis foar duorsume Elfwegentocht

02 nov 2018 - 11:17

De Elfwegentocht hat de Galjaard-sjuerypriis 2018 wûn. De útrikking wie tongersdei, ûnder de jierlikse Galjaarddei yn Bussum. De priis is bedoeld foar kommunikaasje-inisjativen yn de publike sektor.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Elfwegentocht waard unanym keazen út fiif finalisten. De Elfwegentocht wie in twa wiken duorjend evenemint yn july, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Besocht waard om safolle Friezen as mooglik út benzine- en diselauto's te krijen en oerstappe te litten nei it iepenbier ferfier of de fyts.

Blauwe disel

Diselauto's en -buskes koene op blauwe disel ride. Op de lêste dei ried in stoet elektryske auto's oer de Wâldwei fan Drachten nei Ljouwert.

(advertinsje)