Op snein betelle parkearje yn Snits? It CDA wol der ôf

02 nov 2018 - 11:16

It CDA yn de gemeente Súdwest-Fryslân wol dat minsken sneins fergees parkearje kinne yn de binnenstêd fan Snits. Dat is klantfreonlik en soe bydrage oan in "levendig stadshart".

Foto: Google Streetview

Minder tsjerkebesite?

Yn de nije parkearfisy fan de gemeente wurdt in foarstel dien om yn Snits ek op snein tsjin betelling te parkearjen, fan 9 oant 21 oere. De fiif tsjerken yn en rûn it sintrum fan Snits meitsje harren soargen oer in mooglike ôfname fan tsjerkebesite as minsken foar of ûnder de tsjinst nei de parkearmeter moatte.

Oerlis

De nije fisy kaam ta stân nei oerlis mei bewenners en ûndernimmers fan de binnenstêd. Der komme parkearplakken dy't fergees binne op transferpunten bûten it sintrum. Dan moat de parkearoerlêst yn de wiken ôfnimme. "Voor een korte en snelle boodschap wordt het eerste half uur parkeren gratis", seit it CDA.

Op oare plakken yn de gemeente kinne minsken op snein fergees hun auto delsette. It CDA wol tongersdei mei de ried yn petear oer de parkearfisy.

Trefwurden: 
Snits CDA Súdwest-Fryslân
(advertinsje)