Fertochte (39) moard Sprott ûntkent: "Ik heb hem niet vermoord"

02 nov 2018 - 10:34

De Ljouwerter, dy't fertocht wurdt fan it ombringen fan Ursel Sprott ferline jier oktober, ûntkent. De 39-jierrige man sei freed yn de rjochtbank dat hy it lichem fan Sprott fûn hat by de Grutte Tsjerke. It 35-jierrige slachtoffer dat delstutsen waard, wie doe al net mear te rêden. "Ik heb het niet gedaan. Ik vind het ook heel erg wat er is gebeurd", seit de fertochte.

Foto: Kappers Media

De fertochte en it slachtoffer koene inoar al langer. De fertochte kocht geregeld kokaïne by Sprott. Neffens de Ljouwerter wie der gjin spul tusken de twa. "Wel hebben we een keer gedoe gehad over de kwaliteit van de coke die hij verkocht. Dat was troep, rattengif. Maar ruzie nee, dat hebben we niet gehad. Ook die avond niet."

Diskusje

Op de middei fan 10 oktober hawwe slachtoffer en fertochte in diskusje oer in skuld fan de fertochte. "Maar ik ben geen wanbetaler en Sprott schilderde mij zo af. Toen heb ik hem weggestuurd."

Jûns as de Ljouwerter by Sprott komt, lost hy de skuld ôf mei in ring. "En die is veel meer waard dan de 40 euro die ik schuldig was. Toen kreeg ik een bolletje cocaïne."

Foto: Kappers Media

Nei de oankeap fan de kokaïne ferlit de fertochte de wenning. "Ik liep daar met mijn hond en rookte nog een shaggie in de Prinsentuin. Even later liep ik terug en zag ik een lichaam liggen. Ik ben ik ernaar toe gelopen. Ik zag dat het Sprott was. Ik draaide zijn lichaam om. Ik schrok en raakte in paniek en ben daarom weggelopen."

Neffens it Iepenbier Ministearje kloppet dit ferhaal net.

"Ik heb hem niet gedood"

De mem fan it slachtoffer, dy't ek yn de sittingsseal wie, pikte it ferhaal net. "Spreek toch de waarheid, het gaat om mijn zoon!" En dan reagearret de Ljouwerter. "Ik spreek de waarheid. Ik heb hem niet gedood."

Ferskate tsjûgen sizze dat se fertochte en slachtoffer tegearre sjoen ha jûns. Ien fan harren hearde in man skellen. "Kankerlijer, teringlijer."

Bloedspetten

De fertochte hie bloedspetten op syn klean. Neffens ûndersikers fan it NFI past dat by it senario dat de Ljouwerter Sprott mei in mes stutsen hat. It DNA fan de bloedspetten op de skuon en jas komme oerien mei dat fan it slachtroffer. "Ik heb waarschijnlijk bloed aan mijn handen gehad omdat ik hem heb omgedraaid", seit de fertochte.

Der is yn de buert in mes oantroffen. Dat is ûndersocht, mar dêr is neat útkaam. Nei alle gedachten lei dat mes dêr al jierren.

"Ferhaal fertochte kloppet net"

Neffens in tiidline dy't de plysje makke hat, kloppet it ferhaal fan de fertochte net dat hy nei de besite oan Sprott nei de Prinsetún gien is, dêr in peukje draaid hat en dêrnei werom rûn is nei de Grutte Tsjerke dêr't hy it lichem oantroffen hat.

It is oannimlik en mooglik op grûn fan analyze dat de Ljouwerter ferantwurdlik is foar it delstekken fan Sprott, sa konkludearje de resjersjeurs. "Dat zal allemaal wel, maar de tijdlijn klopt niet", seit de fertochte.

Ferklearring

Advokaat lêst in slachtofferferklearring foar fan mem en broer fan it slachtoffer foar. "De pijn is niet in woorden uit te drukken.. We hebben Ursel samen moeten identificeren en dat gun je je ergste vijanden niet. We hopen dat hij die dit gedaan heeft, zijn verdiende straf krijgt."

De tante fan Ursel sprekt sels. "U heeft de keuze gemaakt om iemand te vermoorden. En dat heeft gevolgen. Ik hoop dat gerechtigheid een rol gaat spelen. Het gemis van Ursel gaat nooit weg." De fertochte reagearret: "Ik vind het ook verschrikkelijk maar ben er niet verantwoordelijk voor".

De fertochte is folle faker yn oanrekking mei de plysje kommen. Hy is ferslave oan drugs. Neffens saakkundigen leit hy oan 'een anti-persoonlijkheidsstoornis, heeft hij een gestoorde gewetensfunctie en kan hij impulsief handelen'. Saakkundigen kinne net oanjaan yn hoefier de steurnis te krijen hat mei wat him te lêste lein wurdt. Dat komt om't de fertochte ûntkent en dus is it net te ûndersykjen.

(advertinsje)