Gemeente mei ONS en Snits Wyt Swart yn petear oer fúzje: "Dit is een status quo"

02 nov 2018 - 07:57

De gemeente Súdwest-Fryslân hat kennisnaam fan de impasse yn de fúzjeplannen fan SWZ Snits en ONS en giet freed mei de beide klubs om tafel. Neffens wethâlder Gea Wielinga is der noch tiid om ta in oplossing te kommen.

Foto: Omrop Fryslân

De fúzjekommisje hat de opdracht weromjûn oan de beide bestjoeren fan de clubs. Grutste probleem foar de clubs om ta in fúzje te kommen is it plak dêr't daliks spile wurde moat. ONS wol nei Harinxmaland, wylst Snits Wyt Swart leaver op Tinga bliuwe wol.

Iensidich

ONS sei tongersdei dat de leden fan de fúzjekommisje de opdracht weromjûn hiene, mar neffens SWZ leit dat oars. Yn de kommisje sitte minsken fan beide clubs en SWZ seit no dat de club "niet gekend is in deze berichtgeving en hierdoor verrast is". It soe in iensidige aksje wêze fan ONS.

"Dit is een status quo. We moeten kijken hoe we verder kunnen", seit wethâlder Gea Wielinga. "Een middenweg? "We zijn er nog niet over uit. De clubs kunnen blijven voetballen omdat ze nieuwe kunstgrasvelden hebben gekregen, dus er is tijd om te zoeken naar een middenweg."

Het staat niet in de brand.

Wethâlder Wielinga

"We zitten wel met een hockeyclub (Sneeker Mixed Hockey Club, red.) die groeit en recht heeft op een derde veld. Daar moeten we iets voor vinden. Met de clubs hebben we wel tijd. De velden hebben een technische levensduur, maar zo lang zou ik zeker niet willen wachten. We gaan elkaar nu opzoeken, maar het staat niet in de brand." It oerlis fan freed wie al pland, seit Wielinga.

Trefwurden: 
ONS Snits Wyt Swart Fúzje SWZ
(advertinsje)