Kollum: "Yn en út"

02 nov 2018 - 07:21

"Yn en út. Sokke listen binne der gauris op it ein fan it jier. En omdat we al novimber binne, ha ik mynt al klear. Wat mei bliuwe en wat kin gean? Ik bin fansels gjin trendwatcher of sa en doch dit puer foar de hobby. Dêrom soe 'k it ek mar net al te serieus nimme as ik jimme wie, foaral net de manlju mei in skinny-jeans en piposkuon.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It moaie waar mei om my bliuwe. Ik fûn it in hearlike simmer en neisimmer. Op ferskate plakken wie it fierste drûch, mar dat foel hjir lokkich ta. Moai waar en lange dagen, in hearlikheid wat my oanbelanget en dat kin takom jier wol wer, mei út en troch wat rein.

Frijheidsdressuer mei hynders fyn ik ek in oanrieder. Myn hynders fine it geweldich om te dwaan en ik ek. It is in prachtige foarm fan gearwurking en learst dyn hynder der hiel goed troch kennen. It is ek moai om te ûnderfinen dat in hynder hiel goed sels neitinke kin oer in bepaalde oefening en ús bân is der allinnich mar sterker troch wurden.

Sa, en no wol ik it ha oer wat om my wol út wêze kin en dat hat te krijen mei manlju. Sa't ik al sei, ik bin gjin trendwatcher fan berop mar ik kin ek net om bepaalde trends hinne en dat binne de skinny-jeans en de piposkuon. Dy kinne om my beide wol út en yn 'e brân.

In man yn skinny-jeans is gjin gesicht as er âlder is as 30 jier. Dy jongkeardels komme der noch mei wei om't se faak noch wol in sportyf liif ha mar de measte manlju hawwe te tinne skonken, gjin kont yn 'e broek en in sneu búkje derboppe. Al dy minpunten besykje se neffens my te kompensearjen mei in pear piposkuon mei aldermachtichst grutte punten sadat de rest net te bot opfalt.

Mar it falt my wol op en it falt my tagelyk ek ôf en dat 'gestylde' gedoch mei ik ek net oer. Sûnt de searje Vikings, sjochst in soad fan dy wannabe-Vikings. Mei grutte burden en 'matching' hier, mar it is sa úttocht en glêd dat der neat rûchs mear oan is.

Wat my ek steurt, is dat hjoeddeis yn de reklamespotsjes allegearre fan dy sûgen sitte. Wêr is bygelyks de túnman fan Coca Cola-man bleaun? Manlju wurde faak delsetten as heale sêften en debilen en yn 'e Jumbo-reklame sels as in beuker. Ik fyn it in ferskrikking en ik hoopje dat it takom jier better wurdt. Dy âld nút fan de Cola-reklame fyn ik trouwens wol aardich.

De echte man is dus 'yn'. Op wurklearzen, klompen of in pear moaie skuon mei normale punten. Mei rûge burden en heal lang hier want se hawwe it te drok om foar de spegel te stean en nei de kapper te gean. Se sjogge der sa ferwyldere út om't se yn waar en wyn bûten binne en net omdat ien of oare stylist seit dat it hip is.

Se drage normale spikerbroeken, kinne der bêst wol kreas útsjen as it moat en gelokkich binne se hjir noch wol te finen. Ik bin bliid dat ik mear fan dy ûnnoazelen op 'e telefyzje sjoch as yn it echt en ik bin bliid dat ik op it plattelân wenje en net op 'e Nijstêd of yn Amsterdam.

Hulde, dus, oan de echte man dy't faker nei de eigen frou sjocht as nei syn spegelbyld en myn nije motto foar 2019 is: 'Hoe strakker de broek en puntiger de skoech, hoe grutter de sûch.'"

Trefwurden: 
Hilda Talsma De Toan fan
(Advertinsje)
(Advertinsje)