Piet Paulusma oer de winter: it koe wolris -20 graden wurde

02 nov 2018 - 06:22

Piet Paulusma giet by syn jierlikse winterfoarsizzing út fan in swiere winter, dy't oer it algemien te kâld wurdt om't de temperatuer mooglik mei mear as in graad ôfwykt fan de gemiddelde temperatueren.

Foto: Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân

De leechst helbere temperatuer koe wolris min 20 graden wurde. Der sil ek in soad oerlêst wêze troch winterwaar, izel, snie en froast. Boppedat wurde in soad stoarmen en rein foarsjoen en der sil meardere kearen snie falle. It giet neffens Paulusma om in winter fol ekstremen mei regionaal grutte ferskillen.

De winter begjint al yn desimber mei snie. Yn jannewaris sil de winter kwakkeljend ferrinne, mar yn febrewaris is der in soad winterkjeld. Der kin langere perioaden reedriden wurde op natueriis.

(advertinsje)