Enerzjybelied te swak, seit Diederik Samsom op Hayo Apotheker-lêzing

01 nov 2018 - 22:35

"Nederland hoeft beslist niet trots te zijn met het energiebeleid van de eerste tien jaar van deze eeuw. Ik had meer moeten doen." Dat sei âld-PvdA foaroanman Diederik Samsom tongersdei by de earste Hayo Apotheker-lêzing yn Snits. Neffens Samson hie der doe mear dien wurde kinnen en moatten. Hy is der wiis mei dat it kabinet fan no wol ree liket om grutte stappen te setten en echt wat te dwaan oan klimaatferoarings.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tûzen huzen deis yn plak fan hûndert

Samsom wie yn Snits foar de earste Hayo Apotheker-lêzing, in jierlikse lêzing dy't hâlden wurdt as tank oan âld-boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Samsom spruts oer wat nedich is om oan alle klimaatdoelstellingen fan de takomst te foldwaan. Al mei al moatte der neffens Samsom noch sa'n 8 miljoen huzen en bedriuwen opknapt wurde tusken no en 2050 om dat doel te heljen. "Dat zijn duizend gebouwen per dag en op dit moment halen we er nog maar honderd per dag."

Pleatslike inisjativen

Neffens Samsom is it benammen oan gemeenten en boargers om mei-inoar oan de slach te gean. "Als gemeente moet je ruimte geven aan lokale initiatieven en die initiatieven ondersteunen met informatie en waar mogelijk praktische hulp bieden", seit Samsom. Mar maklik is dat net, sa die ek bliken op de lêzing. Ferskate minsken yn de seal lieten witte dat benammen fanút oerheden in soad obstakels oplein wurde.

Samsom: "De overheid is in veel gevallen ook zoekende. Zij weten ook niet precies welke kant het opgaat. Daarom is het ontzettend belangrijk samen op te trekken."

Mienskip makket kâns op slagjen grutter

Neffens Samson is de kâns dat dit yn Fryslân slagget, folle grutter as op oare plakken om't yn Fryslân folle mear tocht wurdt yn mienskip. "Jullie zijn al heel erg gewend om samen iets op te zetten. Daarom zie je hier ook zoveel lokale energieplannen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Diederik Samsom

(advertinsje)