Nije boargemaster Smellingerlân moat enerzjyk wêze, in ferbiner en in organisator

01 nov 2018 - 22:09

Hy of sy moat enerzjyk wêze, in ferbiner en organisatoarysk talint hawwe. Dat binne in pear belangrike saken dy't te finen binne yn de profylskets fan de nije boargemaster fan Smellingerlân. Tongersdeitejûn waard dy yn in spesjale riedsgearkomste yn Drachten presintearre en oerlange oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Kommissaris Arno Brok by de presintaasje profylskets nije boargemaster Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei kommissaris Arno Brok

De fertrouwenskommisje hat in goed byld fan wat de nije boargemaster kinne moat. Mei in portefúlje as Organisaasje en Personiel moat hy of sy goed út de fuotten kinne. Yn it ferline kaam de gemeentlike organisaasje negatyf yn it nijs.

Der wie praat fan in eangstkultuer. Dat is bot ferbettere, neffens foarsitter Sandra de Jong-Snip fan de fertrouwenskommisje en in nije boargemaster moat der wach op wêze dat dat sa bliuwt.

FNP kart profylskets ôf om it Frysk

It is fierder winsklik dat de hy of sy foar langere termyn sitten bliuwt. Oer hoe goed oft de nije boargemaster it Frysk behearsket, wienen de mienings ferdield. Sa fluch mooglik de taal begripe waard wol easke. Mar omdat net yn de skets stiet dat de nije bestjoerslieder it ek prate kinne moat, stimde de FNP tsjin de profylskets. Dochs waard dy mei grutte mearderheid oannaam. En dus stiet ynkoarten de advertinsje yn de Staatscourant. Dêrnei begjinne de sollisitaasjepetearen. In nije boargemaster soe der yn april wêze moatte.

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei Sandra de Jong-Snip fan de fertrouwenskommisje

(advertinsje)