Kolleezje De Fryske Marren jout sânwinning Iselmar de romte

01 nov 2018 - 21:43

De grutskalige sânwinning op 4,5 kilometer út de Iselmarkust by Aldemardum kin trochgean as it oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren leit. Sy lizze it bestimmingsplan dat dat mooglik makket mei in posityf advys foar oan de gemeenteried.

De Iselmar tusken Nijemardum en Aldemardum. - Foto: Remco de Vries

De bedoeling is om in 7 bunder grut wurkeilân oan te lizzen en dêr yn tritich jier tiid 218 bunder sân ôf te graven oant 60 meter djip.

De plannen binne net nij. Ut de omjouwing binne der in soad beswieren tsjin kaam. Minsken binne ûnder oare benaud foar lûdsoerlêst, skea oan de natuer en skea oan it útsjoch oer de Iselmar.

Neffens wethâlder Frans Veltman is de omjouwing mei in klankboerdgroep belutsen by it hiele proses en binne der oanpassings dien om oan beswieren temjitte te kommen. Op 14 novimber praat de riedskommisje Romte oer it bestimmingsplan.

(advertinsje)