Kâns op weriepening azc Balk wer in stap tichterby kaam

01 nov 2018 - 21:04

De kâns dat it azc yn Balk wer iepengiet is grutter wurden. It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA) hat de gemeente De Fryske Marren formeel frege om te sjen nei de mooglikheden fan in weriepening. It AZC gie 1 oktober offisjeel ticht.

Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Fred Veenstra

Goed moanne nei sluting alwer iepen?

Foar boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren is it wol in aparte situaasje. "It fielt wol wat frjemd dat it coa nei de sluting ein septimber no alwer op de stoepe stiet. Alles op it azc-terrein stiet der noch. Se soene fan 'e wike begjinne mei de ûntmanteling. Dat is no stopset troch it COA."

"Wy moatte bygelyks ek sjen nei it ûnderwiis. It is noch wol in hiel proses om dat wer op gong te krijen. Sa moatte skoalbestjoeren ekstra personiel oanlûke om foar de klasse te stean as it azc wer bewenne is. Yn it azc Balk kinne wy fiifhûndert minsken hawwe. Dêr wie ek in kontrakt foar dat noch altyd jildt. Yn de ôfrûne twa jier hawwe der noait mear as fjouwerhûndert asylsikers wenne. It totaaltal fan no hinget ôf fan de ynstream yn Nederlân."

Soarchfâldichheid stiet foarop, seit boargemaster

"Wy wolle it hiel soarchfâldich dwaan yn it doarp. Want fjouwer wike ferlyn gie it azc ticht en no moat it miskien wer iepen. De gemeente wol de klankboerdgroep fan eartiids wer freegje de opfang fan no yn goede banen te lieden. Yn dy groep sitte fertsjintwurdigers fan doarpsbelang, fan it ûnderwiis, de sportferienings, de tsjerken en omwenners."

As alles giet neffens it kontrakt fan 2015, dat fiif jier jildich is, hoecht de saak net wer troch de gemeenteried. Mar der spilet noch wol in bestimmingsplanproseduere en dêr sil de ried seker mei te krijen hawwe, seit boargemaster Veenstra. Der leit noch hieltyd in oanfraach fan it COA foar in azc op dy lokaasje. Dy proseduere hawwe wy efkes on hold set, omdat it berjocht kaam dat it asylsikerssintrum yn Balk tichtgean soe. Mar de oanfraach leit der noch altyd en dy kin wer yn behanneling naam wurde.

Datum fan iepening noch net bekend

Veenstra kin gjin termyn neame wêrop't it azc Balk wer iepen giet. It COA wol it sagau mooglik, mar Veenstra wol it foaral soarchfâldich dwaan. "De belutsenens fan de minsken yn it doarp stiet foarop. Dat fynt it COA ek."

(advertinsje)