Friesland College iepenet ferboud learrestaurant mei keuken, gasten wolkom om op te oefenjen

01 nov 2018 - 20:15

LEF is de namme fan it nije learrestaurant op de ôfdieling middelbere hotelskoalle fan it Friesland College. It nije restaurant is tongersdeitemiddei iepene. LEF stiet foar 'learn, explore en fine dining'. It learbedriuw hat foar in part in iepen keuken foar itensieden ûnder it each fan it publyk, in ôfdieling cocktails meitsjen en in spesjale kofje-ôfdieling.

De ôfdieling cocktails fan LEF - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It restaurant is iepen foar publyk. It hiet eartiids Amuse. It nije LEF foldocht oan de easken foar it moderne learen yn de praktyk-ûnderwiis. Yn it nije restaurant leare de learlingen it ambacht fan itensieden en gastfrij ûntfangen en betsjinjen oan tafel.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn LEF

(advertinsje)