Sven Kramer rydt dit reedrydseizoen sûnder druk

01 nov 2018 - 19:01

It duorret noch mar ien dei. Freed set it reedrydseizoen echt útein mei it kwalifikaasjetoernoai foar de wrâldbekers yn Thialf. Der hawwe nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen by kaam. Dêrom litte wy jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen alle dagen yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. No is dat Sven Kramer.

Fan herte lokwinske, Sven. Hoe is dyn earste wike as heit?

"Ja dankewol! It giet bêst wol goed, eins. Fansels is alles nij en is it efkes wennen foar ús beiden, mar neffens my giet it poerbêst!"

Leist nachten wekker of is it in maklike poppe oant no ta?

"Oant no ta is it hartstikke maklik en giet it supergoed. Ik haw net in soad reden ta kleien."

Sist noch altyd op de 'rôze wolk'?

"Tsja, wat is in rôze wolk, hin? Ik kin it net fergelykje mei oaren, it is je eigen gefoel. Ik kin allinnich mar sizze dat wy der hartstikke bliid mei binne."

Bist klear foar it nije seizoen?

"Ik tink it wol. It giet hieltyd better. Ik haw ferline jier in dreech jier hân en ik haw faak blessearre west. Wy besykje no wer in basis te kreëarjen wêryn't ik minder klachten haw en frij ride kin. Ik wit wol dat ik hurd ride kin, mar dêrfoar moat alles wol goed wêze. Dat is foar my it belangrykste yn dit seizoen. Silst my no net hearre fan: 'Ik wol dit winne en wol dat winne'. Ik wol gewoan wer sûn weze en fan dêrút hurd ride."

Hast problemen mei de rêch hân ferline jier. Hoe ferfelend hat dy perioade foar dy west?

"It is foar my net nij. Ik haw der de lêste jierren wol faker wat mei hân, mar it ofrûne jier wie it sa ferfelend dat ik der ek lêst fan hie mei it riden. Foarige simmer bin ik twa kear hiel hurd fallen en haw ik twa kear de skouderbonke brutsen. Dat ûntwrichtet dyn liif gewoan. Dêr hast lêst fan mei it riden."

Hoe hat dizze simmer west? Hast yn alle gefallen net wer yn it sikehûs west foar dyn skouderbonke?

"Nee, dat is al in hiel dikke plus yn fergeliking mei ferline jier. It giet goed. Ik haw noch altyd wol mindere dagen. Dat is spitich. Mar ik besykje it gemiddelde better te krijen."

Wat binne mominten wêrop'tst goed wêze wolst?

"Op de allroundtoernoaien en op it WK ôfstannen. Dat hat foar my altyd al it belangrykste west en dat sil it no ek bliuwe. As ik dêr fris genôch foar bin, sil ik dêrfoar gean."

Do besjochst elk jier watst dochst, seidest earder al. Dus it wurdt dit seizoen gewoan lekker ride en dan wol fierder sjen?

"Ja, dat is ek wolris lekker. Der stiet by my gjin druk op. Ik bepaal sels wannear't ik ophâld. Foarearst sjoch ik dêr gjin reden ta en giet it hartstikke goed."

Fielst it sa? Dat der gjin druk op stiet?

"Ja. Oare jierren bist dwaande mei de folgjende Olympyske Spelen. Dat bin ik no hielendal net."

It duorret ek noch hiel lang hé?

"No ja, it giet hurd hear!"

Sven Kramer - Foto: www.orange-pictures.nl

Team Jumbo bestiet út de folgjende Fryske reedriders:

  • Sven Kramer
  • Douwe de Vries
  • Antoinette de Jong

Oare riders yn it team binne:

  • Carlijn Achtereekte
  • Joy Beune
  • Kjeld Nuis
  • Hein Otterspeer
  • Jan Smeekens
  • Thomas Krol
  • Patrick Roest
  • Chris Huizinga
  • Sanne in 't Hof (stazjêre)
(advertinsje)