Ljouwert kriget miljoenekompensaasje fan it ryk foar WMO en jeugdsoarch

01 nov 2018 - 18:51

Ljouwert kriget in útkearing fan hast 21 miljoen euro út de spesjale stroppepot om tekoarten op it sosjaal domein te dekken. Ljouwert kriget op ien nei it measte jild fan alle gemeenten. Dat hat de VNG, de feriening fan Nederlânske gemeenten, tongersdei bekend makke. Yn de stroppepot sit 200 miljoen euro.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Fjouwer oare Fryske gemeenten krije ek in bydrage út de pot. It giet Om Weststellingwerf, Opsterlân, Eaststellingwerf en Tytsjerksteradiel. Achtkarspelen hie ek in oanfraach dien, mar kriget neat.

De gemeenten binne sûnt 2015 sels ferantwurdlik foar saken as de WMO, de jeugdsoarch en wurk en ynkommen. It giet om taken dy't se oernaam hawwe fan it ryk. Om't gemeenten ditsoarte fan wurk goedkeaper dwaan kinne is de bydrage fan de oerheid omleechgien. Benammen by de gemeente Ljouwert soarge dat foar grutte tekoarten. Foar takom jier moat der 14 miljoen euro besunige wurde.

In hiel soad gemeenten yn Nederlân hawwe deselde problemen. Sy hawwe allegearre in oanfraach dien út de 'stroppepot'. Eintsjebeslút is de oanfraach fan 77 gemeenten takend.

Boargemaster Ferd Crone oer it ekstra jild

Wat krije de Fryske gemeenten?

De gemeente Ljouwert 20.905.963,13 euro.

De gemeente Tytsjerksteradiel 695.677,18 euro.

De gemeente Eaststellingwerf 357.691,50 euro.

De gemeente Opsterlân 848.226,76 euro.

De gemeente Weststellingwerf 417.567,94 euro.

(advertinsje)