Fryske learlingen en studinten skoare goed

Fryske skoalbern yn it fuortset ûnderwiis dogge it better as it lanlik gemiddelde as it giet om it ôfmeitsjen fan de skoalle. En famkes dogge it better as jonges. Dat docht bliken út ûndersyk fan de organisaasje foar in bettere oansluting tusken it fuortset en it heger ûnderwiis.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ek by de hegeskoallen meitsje hieltiten mear studinten de oplieding ôf. It Aansluitingsnetwerk VO-HO Fryslân wol de positive trend fierder útwreidzje. It giet dit skoaljier by alle Fryske middelbere skoallen del om dêroer te praten.