Lêste bewenners Ronald McDonaldhûs Ljouwert: Wy hawwe hjir de rêst fûn

Hûnderten âlden koene harren der yn drege tiden eefkes deljaan. It Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert is in plak dêr't heiten en memmen leaver net wêze wolle, dochs hat it in soad minksen holpen. Nei fjirtjin jier slút it hûs de doarren. En Richard en Kimberly binne de lêste bewenners: "Wy hawwe in pear roerige wiken efter de rêch, mar wy hawwe wol de rêst fine kind yn it Ronald McDonaldhûs."
Lêste bewenners Ronald MC Donaldhûs

Daan en Sven

Richard en Kimberly binne op 4 oktober heit en mem wurden fan twilling Daan en Sven. De jonkjes binne twa moanne te betiid berne. Richard: "Kimberly wie pas ein novimber útrekkene, mar út in echo yn septimber bliek it net goed te gean." Kimberly waard opnaam yn it sikehûs yn Grins. It seach der in hiel skoft goed út."
"Ynienen gie it hiel hurd minder mei har en mei de bern. Op ien punt hawwe se echt yn libbensgefaar west. Dêrom is der fuortendaliks in keizersneed dien."

Fan belang

Doe't de jonkjes berne wiene, knapte sawol mem as bern ek wer hiel gau op. Daan mocht in dei letter al werom nei it Ljouwerter sikehûs, Sven en mem folgen trije dagen letter. No lizze beide bern op de kûveuzeôfdieling en is Kimberly yn it Ronald McDonaldhûs.
"Foar ús hat it hûs echt fan belang west. Kimberly kin no op elk momint fan de dei nei de twilling ta om de bern te sjen. En ik kin hjirwei op myn wurk komme. It makket it allegearre safolle makliker."
© Omrop Fryslan, Onno Falkena

Acht keamers

Yn 2004 waard it Fryske Ronald McDonaldhûs iepene. Der stean bêden klear yn acht ferskillende keamers. De ferwachtings wiene heech en se lykje út te kommen. Der is fraach nei oernachtingsmooglikheden foar famylje fan sike bern.
Yn 2009 wie der taart foar de frijwilligers om te fieren dat it sa'n sukses is. Mar op dit stuit wurde sike bern hieltyd mear opnaam yn de sikehuzen fan Grins, Zwolle en sels Utrecht. Dêrtroch nimt it tal oernachtings bot ôf en komme in soad keamers leech te stean.

Eilannen

De leechstân is in hiele tiid oplost troch eilânbewenners. "Zij kwamen erachter dat we kamers over hadden en toen kwam de vraag of de eilanders hier konden slapen", seit Winferd Madlener, bestjoersfoarsitter fan it hûs yn Ljouwert. Hy fertelt dat it wol tsjin de offisjele regels fan it Ronald McDonaldfûns yngie, mar it wie in prima oplossing foar it probleem.
No't it hûs tichtgiet, is der ûnrêst by eilânbewenners. Maaike Duursma fan Skylge is tongersdei mei in petysje úteinset. Sy hat yn 2016 sels ek fjouwer wike yn it hûs sitten doe't se in twilling krige. "Het Ronald McDonaldhuis in Friesland wordt met name door eilanders wekelijks bezet die partners zijn van langdurig zieke geliefden. Het is niet de doelgroep, maar daarom niet minder belangrijk."
Ronald McDonaldhûs

Oare opsjes

It MCL jout oan dat âlden aanst twa opsjes hawwe. By de berne-ôfdieling kin ien âlder by it bern sliepe, it saneamde rooming in. En foar de kûveuzeôfdieling is op it stuit gjin mooglikheid. Mar der wurdt hurd wurke oan twa útfanhûzerskeamers foar âlden. Neffens Duursma is dat net goed genôch, in keamer bûten it sikehûs soe pas echt it ferskil meitsje.
"Rooming in klinkt misschien mooi, maar niet voor een langdurig verblijf. Je houdt het niet vol als je dag in dag uit in het ziekenhuis moet wonen. En voor ons als eilandbewoners is dit straks wel de enige optie."

Gearwurking tusken eilanners en sikehûs

Duursma is drok dwaande mei petearen tusken eilannen. "Ik heb nu veel fracties van Terschelling gesproken die achter mij staan. En we hebben met gemeentes van andere eilanden bij elkaar gezeten. Ze staan allemaal achter me."
It moaiste soe neffens Duursma wêze dat it MCL it gebou fan it Ronald McDonaldhûs keapet en dêr in plak makket dêr't eilanners telâne kinne. "We zijn echt op zoek naar een samenwerking. Er moet toch wat mogelijk zijn."