Ek dit jier wer rekôroantal jonge seehûnen yn de Waadsee

01 nov 2018 - 16:14

Der komme hieltiten mear jonge seehûnen by yn de Waadsee. By de tellingen yn de Waadsee fan Dútslân, Denemarken en Nederlân binne der dit jier 9.285 jongen sjoen. Ferline jier wie der al in rekôroantal fan 9.167 seehûnepups.

seehûn strân rob robbe - Foto: Shutterstock.com

Dêr stiet tsjinoer dat de hiele populaasje de lêste seis jier konstant bleaun is, mei tusken de 25.000 en 27.000 seehûnen yn it jier, foar safier't se registrearre wurde koene. Folwoeksen bisten kinne net allegear teld wurde, omdat se, yn tsjinstelling ta jongen, faak it wetter yn dûke.

De registraasjes wurde koördinearre troch it Gemeenschappelijk Waddenzee Secretariaat. Dat sit yn it Dútske Wilhelmshaven.

Trefwurden: 
Waadsee seehûnen
(advertinsje)