Cambuur op jacht nei oerwinning op Jong Ajax, Hake trunet oan op mear bewustwurding

01 nov 2018 - 15:44

Cambuur giet freed op syk nei de sechsde seizoensoerwinning. Yn eigen stadion is Jong Ajax de tsjinstanner.

René Hake - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de seleksje fan Cambuur is Matthew Steenvoorden werom. De ferdigener waard ferline wike dissiplinêr straft. Nei in petear mei de direksje is Steenvoorden no werom yn de seleksje fan Cambuur. "Je zet dingen op een rij en dat is het dan", seit Cambuurtrainer René Hake. Ek foar Steenvoorden stiet der no in punt achter dizze kwestje.

Blessueres en twivelgefallen

By Cambuur sil Nigel Robertha net spylje. De oanfaller hat spierklachten en wurdt ek út foarsoarch bûten de seleksje hâlden. Daan Boerlage hat in behoarlike ankelblessuere en hy is seker in pear wike net ynsetber.

Njonken de al bekende blessueres fan Sambissa, Schindler en Van Deelen binne der noch in pear twivelgefallen by Cambuur. Hake: "Bij een aantal spelers houd ik nog een slag om de arm. Wij zullen daar vrijdagmorgen over beslissen."

Hake ropt op ta mear bewustwurding

Jong Ajax sil ek echt mei in hiel jong team komme. Hake: "Ja, het is letterlijk Jong Ajax. Individueel hebben ze allemaal grote kwaliteiten. Als team moeten ze nog wat groeien. Wij moeten er op een goede manier bovenop zitten. Doen we dat niet, dan hebben zij kwaliteit genoeg om het uit te spelen. Voor ons geldt dat er wat meer bewustwording in de groep moet komen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong Ajax
(advertinsje)