Wurkstraffen foar mishannelers Arrivapersoniel

01 nov 2018 - 15:42

Fjouwer manlju út Ljouwert, dy't twa jier lyn op it stasjon yn de stêd trije meiwurkers fan Arriva mishannele ha, ha wurkstraffen krigen fan tusken de 100 en 180 oeren. De fjouwer hiene yn Frjentsjer nei in oefenwedstriid fan Cambuur tsjin Telstar west.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Doe't se yn de trein kontrolearre waarden, die bliken dat trije fan har gjin kaartsje hiene, ien fan har hie ek gjin identiteitskaart by him. Hy waard oanhâlden en doe ûntstie der in triuw- en lûkpartij, wêrby't it Arrivapersoniel klappen krige. Ien fan de slachtoffers moast nei it sikehûs. Njonken de wurkstraffen moatte de fertochten de slachtoffers ek smertejild betelje.

Trefwurden: 
mishanneling wurkstraf Arriva
(advertinsje)