Wytmarsum komt mei teäterstik oer oplossing krimpproblemen
De mienskip wint it fan de krimp. Dat wolle njoggentich Wytmarsumers bewize mei harren teäterstik 'Wy jouwe gjin krimp'. Tongersdei is de premjêre fan de foarstelling yn in grutte ierdappelloads by it doarp.
Harkje nei Wim Beckers
Yn it kulturele jier 2018 is der fan alles te rêden yn Wytmarsum en dit stik past dêr moai by. Neffens betinker, skriuwer en muzikant Wim Beckers giet it om in serieus probleem dat op de planken brocht wurdt, mar wêryn't op luchtige wize de oplossing sichtber wurdt. Dat wol sizze dat it mienskip mei inoar bepaalt hoe leefber oft in doarp eins is.
It radioprogramma Buro de Vries stjoert snein 4 novimber in wiidweidige sfearreportaazje oer de foarstelling út.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.